Cambuur yn Epe ûnderút tsjin De Graafschap

20 jul 2018 - 20:54

Sportklup Cambuur hat yn Epe de oefenwedstriid tsjin De Graafschap ferlern: it waard 3-0 foar de nijbakken earedifyzjonist, dy't by it skoft mei 1-0 foarstie. De wedstriid, dêr't gjin publyk by wêze mocht, wie de twadde foar Cambuur tsjin in serieuze tsjinstanner. Earder waard yn tarieding op it nije seizoen mei 2-0 wûn fan Almere City.

René Hake

Yn de earste helte stienen by Cambuur de nijelingen Mous, Mbende, Sambissa, Ciganiks en Calor yn de basis. De oanfal bestie lykas tsjin De Graafschap út Mathieu, Rossi en Robertha. Frank Olijve sette De Graafschap healwei de earste helte op foarsprong. Hy krige de bal nei in knappe pass fan Stef Nijland en passearre doelman Xavier Mous.

Jordy van Deelen

Nei in kertier spyljen yn de twadde helte foel de 0-2. Cambuur ferlear de bal op it middenfjild en De Graafschap kaam der gau út. Youssef el Jebli ûntsnapte, naam de bal goed mei en sette de 0-2 op it skoareboerd foar de ploech fan Henk de Jong. Dêrnei brocht René Hake njoggen nije spilers it fjild yn, ûnder wa Van Koesveld, dy't ek nij is by de Ljouwerters. Van Koesveld ferlear flak foar de ein fan de wedstriid in kopduel fan Anthony van den Hurk, dy't út in foarset fan Mohamed Hamdaoui foar de 0-3 soarge.

Andrejs Ciganiks yn duel mei Jordy Tutuarima - Foto: www.dijksfotografie.nl

SC Cambuur - De Graafschap 0-3 (0-1) 24. Frank Olijve 0-1, 65. Youssef el Jebli 0-2, 88. Anthony van den Hurk 0-3

Begjinopstelling SC Cambuur: Xavier Mous; Jordy van Deelen, Emmanuel Mbende, Robbert Schilder, David Sambissa; Andrejs Ciganiks, Julian Calor; Justin Mathieu, Karim Rossi, Nigel Robertha

(advertinsje)