Martijn Barto spilet takom seizoen foar ONS Snits

Fuotballer Martijn Barto spilet takom seizoen foar ONS Snits. De spits spile de ôfrûne sân seizoenen foar SC Cambuur, mar dêr waard syn kontrakt net ferlinge.
© www.orange-pictures.nl
Barto koe ek nei klups út it bûtenlân en de earste difyzje, mar kiest dus foar ONS Snits. By de klup út de tredde difyzje komt er ûnder oaren Ale de Boer en Frits Dantuma wer tsjin. Mei De Boer spile Barto earder by Harkemase Boys en Dantuma wie ien fan syn âld-ploechgenoaten by Cambuur.