UPDATE: 16-jierrige drinkeling út it wetter helle by Burgum

20 jul 2018 - 18:09

De 16-jierrige jonge dy't oan de ein fan de middei yn Burgum yn de problemen rekke mei it swimmen, is út it wetter helle. Ienkear oan de wâl is er reanimearre en dêrnei nei it sikehûs ta brocht. De tastân fan de jonge is net noch bekend.

Foto: De Vries Media

Wurdfierder Jan Willem Zwart

De brânwacht fan Burgum, dûkers fan Ljouwert en Snits en in boat fan Zoutkamp ha mei har allen socht nei de jonge. Dy waard om seis oere hinne fûn.

Meardere ambulânses en de traumahelikopter wienen ek teplak yn Burgum. It skipfeartferkear waard in skoft stillein.

Slachtofferhelp

Der wienen in soart minsken by, dy't ek mei de 16-jierrige jonge oan it swimmen wienen. Sy krije slachtofferhelp.

(advertinsje)