Baard kriget nije brêge mei kroechbaas as betsjinner

20 jul 2018 - 17:42

Der komt in nije brêge oer de Boalserter Feart yn Baard. Dat is nedich omdat de hjoeddeiske brêge oer de feart net mear oan de easken fan dizze tiid foldocht. De brêge is bysûnder om't dy yn it behear is fan kroechbaas Cobus Prins.

Dy naam it behear yn 2016 oer fan de provinsje. It saneamde 'Recht om uit te dagen-belied' jout ynwenners fan Fryslân de kâns om taken oer te nimmen fan de provinsje as sy miene dat sy dat better en effisjinter dwaan kinne.

It nije eksimplaar wurdt in stielen flapbrêge mei histoaryske foarmjouwing. Foar de nije ferbining waard de keunst ôfsjoen fan de Franekerpoortsbrug yn Harns. De ferwachting is dat bou yn 2020 úteinset.

Trefwurden: 
brêge Baard kafeehâlder
(advertinsje)