Agressive man yn de trein soarget foar soad oerlêst yn Snits

20 jul 2018 - 17:06

In agressive man hat freedtemiddei foar in soad oerlêst soarge op it treinstasjon fan Snits en yn de trein fan Snits nei Ljouwert.

It stasjon fan Snits - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De plysje krige al in earste melding dat de man ferfelend wie op it perron. Dêrnei makke hy yn de trein spul mei ûnder oaren syn frou. Hy wie mei syn famylje op 'en paad.

De trein is doe stilsetten en de plysje is derby roppen. It is noch net dúdlik oft de man oanhâlden is. As gefolch fan it foarfal moast ferfierder Arriva twa treinen ferfalle litte.

Trefwurden: 
trein Snits Arriva
(advertinsje)