VLOG: Nienke Sinnema ûnderweis yn earste etappe Tall Ships Races

20 jul 2018 - 16:39

Nienke Sinnema út Ljouwert docht op De Wylde Swan mei oan de Tall Ships Races. In wike lyn sette de earste etappe útein yn it Ingelske Sunderland en dy gie nei it Deenske Esbjerg. De Wylde Swan is yn har klasse as tsiende einige. Nienke hat op see oan it filmjen west, om sjen te litten hoe't it deroan ta giet op it skip.

Ienkear oankaam yn Esbjerg, fertelde Nienke yn Weistra op Wei dat it sa no en dan wol even spannend wie ûnderweis. "Ik fyn it altyd hiel spannend ast net sjen kinst hoe't de oare skippen it dogge en hoe't it waar wurdt. Dêrom hast ek gjin idee fan wat it goede plak is yn it wedstriidfjild. As we oerstaach wolle, dan duorret dat in oere."

Nienke Sinnema yn Esbjerg

Oer it tsiende plak is se net tefreden. "Mar we wienen it ek net hielendal iens mei de regels. De finish soe by Esbjerg wêze, mar gjin skip dat dat helje koe. Dêrom ha se op in gegeven momint sein wa't it tichtst by de finishline is, dy wint. En wy wienen net tichteby as oare skippen, mar wy fûnen dat we yn in bettere hoeke nei de finish leinen. Mei wat mear oerkes hienen wy it wol helle en de oaren net. Mar wy hienen miskien wat better op de regels ynspylje moatten."

Sneon farre de skippen nei Stavanger ta. Dat is gjin wedstriid. Yn de Noarske stêd set de twadde (en lêste) etappe útein. De finish is op 3 augustus yn de haven fan Harns. "Dan moatte we ergens foaryn einigje", seit Nienke.

(advertinsje)