Friese Poort noch net akkoart mei WTC-plannen

Friese Poort noch net akkoart mei WTC-plannen
Opliedingssintrum Friese Poort is op de dei fan de deadline noch net akkoart gien mei de plannen foar nijbou op it WTC-terrein yn Ljouwert. Der is twa dagen yntinsyf ûnderhannele. Op dit momint is net dúdlik hoe it no fierder komt. De hantekening fan Friese Poort it krúsjaal foar de bou fan it Cambuurstadion en de ûntwikkeling fan it omlizzende WTC-gebiet.
© Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Friese Poort hiert goed 7.000 kante meter op it terrein. De skoalle hie by de gemeente en oare inisjatyfnimmers fan it projekt de deadline op 20 july setten. Dan woe de skoalle wissichheid ha.
It opliedingssintrum wol yn de simmer fan 2021 de nije skoalgebouwen belûke. Letter kin neffens de skoallieding net. Sommige âlde gebouwen geane al mear as 10 jier te lang mei en binne ôfkard. Nijbou ferdraacht om dy reden gjin útstel mear.