UPDATE: Treinen tusken Ljouwert en Zwolle ride wer

20 jul 2018 - 16:16

Troch in stikkene spoarbrêge rieden der freed op it trajekt Ljouwert-Zwolle koarte tiid gjin treinen. It gie om de spoarbrêge tusken Meppel en Steenwijk.

Tusken Amersfoort en Zwolle rieden minder yntercitytreinen as gefolch fan it mankemint oan de brêge.

Der waarden stopbussen ynsetten tusken It Hearrenfean, Wolvegea en Steenwijk en snelbussen tusken Meppel en Steenwijk.

Trefwurden: 
NS spoarbrêge treinen
(advertinsje)