Persoanen krije reek binnen by brân De Rottefalle

20 jul 2018 - 15:55

In wenhûs oan de Ambachtsloane yn De Rottefalle hat freed yn de brân stien. Dêrby krigen twa persoanen reek binnen. Sy binne troch ambulânsepersoniel ûndersocht.

Foto: Srfotografie

It fjoer ûntstie yn in houten muorre. Hoe't dat koe is noch net bekend. De brânwacht docht direkt ûndersyk nei de skea oan de wenning.

Trefwurden: 
brân wenhûs De Rottefalle
(advertinsje)