"Wêrom nei Súd-Frankryk? It Makkumer strân is ek moai"

20 jul 2018 - 15:16

De ien bliuwt yn Fryslân foar Kulturele Haadstêd, wylst de oar nei de oare kant fan de wrâld sil. De plannen fan de minsken op de Ljouwerter freedsmerk binne hiel ferskillend.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra op de Ljouwerter freedsmerk

"Ik kin net sa goed mear rinne, dus ik bliuw leaver yn Fryslân", seit in âldere frou. Har dochter hâldt alle opsjes iepen. "Ik ben niet van de planning, dus het kan alle kanten op. Misschien gaan we aanstaande maandag wel spontaan naar Kroatië."

Oaren binne wol fan de planning en witte al krekt wêr't se hinne sille. "Wy geane nei Súd-Frankryk mei de famylje." Beppe fynt it allegear goed. "Ik gun it se fan herte, want se ha der hurd foar wurke. Mar kinst likegoed op it strân by Makkum lizze, want it is hjir ek waarm."

Trefwurden: 
Ljouwert freedsmerk
(advertinsje)