Tankstasjons yn Nederlân moatte soms nee ferkeapje, omdat harren pomp leech is. Dat jildt foaral foar ûnbemanne benzinestasjons. It komt troch in tekoart oan sjauffeurs en fanwege de drûchte.
De drûchte soarget derfoar dat de rivieren leger steane. Tankskippen kinne hjirtroch minder djip lizze en dêrtroch minder brânstof oanfiere.
Oalje-, gemy- en enerzjybedriuw Veenema út Snits rêdt it noch op oant no ta, mar is wol bekend mei de problemen en hat der yn de oanlevering ek mei te krijen. Leveransiers foar de gemysektor kinne soms gjin sjauffeurs fine, omdat dit spesjaal oplate minsken binne foar it ferfier fan gefaarlike stoffen. Dy binne dreech te finen. En omdat de depots soms leech reitsje, moat de benzine fan fierder fuort ophelle wurde, seit direkteur Harold Veenema.