FIDEO: In simmertwirre by Akkrum, mar hoe kin dat eins?

20 jul 2018 - 14:13

Sijtse en Anneke Alberda fearen tongersdeitemiddei mei harren boat troch Akkrum, doe't se ynienen in simmertwirre seagen en letter noch ien en noch ien. In simmertwirre? Hoe kin dat? Piet Paulusma leit it út.

Piet Paulusma oer de simmertwirre

"In simmertwirre ûntstiet eins allinnich by hiel moai waar", seit de waarman. "Dan krigest boppe it lân in opstiging fan lucht. Dy opstiging soarget foar dy twirre. As dy lucht dan wer fluch sakket krigest in miny-wynhoaske."

En gebeurt it faak? "Yn dit soart simmers geregeld", seit Piet. "It fynt faak plak yn deselde omjouwing."

(advertinsje)