LIVE: Folgje Fryske dielnimmers by de yntocht fan de Vierdaagse

20 jul 2018 - 13:50

It is dizze freed de lêste dei fan de Vierdaagse, de wrâldferneamde kuiertocht yn en by Nijmegen. It is alwer de 102de edysje fan it kuierevenemint en freedtemiddei is it tiid foar de tradisjonele yntocht fan de kuierders.

Elts jier dogge der ek in soad Friezen mei oan de Vierdaagse. Bisto benijd hoe't dyn freon, freondinne of famyljelid troch de yntocht komt? De kollega's fan Omroep Gelderland binne derby en filmje by de finish. Besjoch fan 14.00 oere ôf ûndersteande livestream.

Trefwurden: 
Nijmegen Vierdaagse
(advertinsje)
(advertinsje)