Jildtransportauto sit fêst yn sintrum Drachten troch beweechbere peal

20 jul 2018 - 13:15

In jildtransport is freedtemoarn fêst komme te sitten yn it sintrum fan Drachten. Dat kaam troch in beweechbere peal yn 'e grûn. Op it stuit dat de jildauto der oer hinne ried kaam de peal nei boppe. Dêrtroch waard de oaljetank rekke en kaam der flink wat oalje frij.

Foto: Srfotografie

It jildtransport koe gjin kant mear op en is úteinlik fuortsleept. Fanwege de feiligens hold de plysje de boel yn 'e gaten. Dit is standertproseduere.

(advertinsje)