Weststellingwerf stelt smook- en stookferbod yn fanwege drûchte

20 jul 2018 - 12:58

Troch de oanhâldende drûchte jildt fan freed ôf in smook- en stookferbod yn Weststellingwerf. De gemeente folget hjirmei it advys op fan Veiligheidsregio Fryslân. De maatregel betsjut dat it yn 'e bosk en op heide- en feangrûn ferbean is om te smoken en in fjurke te stoken.

Dêrnjonken is it yn de hiele gemeente ferbean om yn 'e iepen loft fjoer te stoken. It ferbod jildt salang de drûchte oanhâldt.

(advertinsje)