Walfiskprojekt op Skiermûntseach freget omtinken foar plestik sop

20 jul 2018 - 12:09

It walfiskprojekt fan keunstners Garda Meerdink en Ludy Feyen giet sneon 21 july iepen foar it publyk. Twa walfisken binne der makke oan de súdkant fan Skiermûntseach. Ien folwoeksene, fan 20 by 6 meter, en in poppe fan 8 by 2 meter. De walfisken binne makke fan wylgetûken en seewier. Doel fan it projekt is om oandacht te freegjen foar de plestik sop yn de seeën.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

By it projekt binne in soad skoalbern belutsen. "We willen jongeren ambassadeur maken van een schone zee", fertelt Feyen. Under oare bern út groep 6 fan de Ljouwerter Prins Mauritsskoalle helpe mei oan de bou fan de walfisk. Foar de measte bern is it de earste kear dat se op it eilân binne en se sjogge harren eagen út. Kwallen, de see en it waad, mar ek plestik en oar ôffal.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"Wat is dit?", freget in famke wannear't se in stik tou fan it strân pakt. "Hier kunnen de vissen aan doodgaan. De dieren denken dat dit gewoon eten is", wurdt der útlein. De bern hingje oan de lippen fan de twa keunstners en binne ûnderwilens drok dwaande de wylgetûken foar de lytste walfisk yn de grûn te setten. It projekt is foar dizze bern yn elk gefal goed slagge. Se binne der klear foar om ambassadeurs fan de see te wurden.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer
(advertinsje)