Leanwurkers op It Amelân oer drûchte: "Het wordt een drama"

20 jul 2018 - 11:40

As de drûchte oanhâldt, krije de boeren op It Amelân grutte problemen om genôch gers fan it lân te heljen om de kij yn de winter te fuorjen. Dat sizze Gerjan en Anton Spoelstra fan oannimmersbedriuw Spoelstra op it eilân.

Leanwurkers Gerjan en Anton Spoelstra oer de drûchte

De boeren ha de earste sneed fan it lân en binne dwaande mei de twadde, mar dy hat bot te lijen ûnder de drûchte. Hâldt dy drûge perioade oan, dan ûntstiet der echt in probleem. De situaasje kin dan wol ris slimmer wurde as yn it beruchte jier 1976, seit Anton. "Het wordt een drama."

Winterfoarried

"Met de eerste snede is aardig wat voer gewonnen", seit Gerjan, "maar de tweede eigenlijk volledig vergaat door de droogte. Er zijn boeren en veehouders die nog lang niet op hun wintervoorraad zitten. Op alle veehouderijen is te weinig."

Drûchte op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Oan it ein fan de simmer kinne de boeren pas de balâns opmeitsje. Gerjan is noch wol posityf, mar sjocht kollega's al antisipearjen. "We zien al dat er boeren zijn die voer aankopen van bedrijven aan de vaste wal."

(advertinsje)