Winkels Achtkarspelen sneins net earder iepen as 13.00 oere

20 jul 2018 - 10:39

De winkels yn de gemeente Achtkarspelen meie op snein net al om 12.00 oere iepen. Op 5 augustus meie se fan 13.00 oere ôf foar it earst op snein iepen. Dat hat de gemeenteried tongersdeitejûn besletten.

Byld út in winkelstrjitte - Foto: ANP

Undernimmers joegen earder oan al om 12.00 oere de doarren iepen dwaan te wollen, omdat yn omlizzende gemeenten de winkels dan ek iepen geane. Koälysjepartijen CDA, GBA en ChristenUnie woene dêr lykwols net yn mei.

De folsleine opposysje fan FNP, PvdA, GroenLinks en VVD wie foar iepening om 12.00 oere. Sy wize derop dat de hoarekasaken yn Achtkarspelen dan ek iepen gean.

Twa maten

Neffens de opposysje kinne der no frjemde situaasjes ûntstean, bygelyks by saken dy't in hoareka- én in detailhannelbestimming ha. De partijen fine dat der mei twa maten metten wurdt.

(advertinsje)