Fytsefabrikant Accell makket minder winst

20 jul 2018 - 09:51

Fytsefabrikant Accell op It Hearrenfean hat yn de earste helte fan dit jier minder winst makke. Dat komt ûnder oare troch de kosten foar de reorganisaasje fan it bedriuw. De nettowinst gie yn fergelyk mei in jier earder mei hast 3 persint nei ûnderen oant 25,5 miljoen euro. De omset naam wat ta en kaam út op 636 miljoen.

Foto: Omrop Fryslân

Accell kundige yn maart in reorganisaasje oan, mei mear fokus op e-bikes. Ek yn it management binne der saken feroare. It bedriuw ferkocht de ôfrûne seis moannen mear sportive elektryske fytsen, mar minder reguliere fytsen.

De ûndernimming ferwachtet dat der yn de twadde helte fan dit jier mear omset makke wurdt, trochdat der mear e-bikes en djoerdere gewoane fytsen ferkocht wurde. Accell wol de kommende fiif jier de omset ferheegje nei 1,5 miljard euro.

Trefwurden: 
Accell winst reorganisaasje
(advertinsje)