Kollum: "Natuerlik"

20 jul 2018 - 07:42

"Skotlân, Sardinië, Sicilië, Suriname ... allegear lannen dy't begjinne mei de s fan skjintme. Wy hawwe der fakânsje fierd en ik leau dat ik Skotlân it moaist fyn. Mar wat al dizze lannen gemien hawwe, is dat de natuer mear as prachtich en hiel yndrukwekkend is.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Op Sardinië ha ik in hearlike bûtenrit makke op in hynder. Kinst der skoften omtoarkje en komst net in harsens tsjin, allinnich keppel skiep dêr't hûnen oppasse. Dat fûn ik wolris aaklik want dy hûnen giene bytiden raar tekear. Dochs joech it hynder der neat om, dy wie dat grif wol wend.

Yn Skotlân hast de Highlands en de lochs. It is der rûch, wiids en stoer mei bosken, âlde beammen, beekjes, stiensirkels, wetterfallen, prachtige loften en it fielt suver. Wrydske lânskippen mei moaie kleuren en der komt gjin ein oan.

Yn Suriname is it griener as grien. It komt dêr allegear net sa krekt en alles dat rjocht en sljocht is, is troch de Hollanners oanlein. Ik fûn dat hiel apart. Bist yn in lân dêr't mear oerwâld as doarpen binne en dochs werkenst de Hollânske hân yn de dingen. In paad lâns in sleat mei brechjes, de boustyl fan huzen, de ferdieling fan it lân yn postsegels ... hiel netsjes en praktysk, mar it eaget net natuerlik.

Echte natuer giet syn gong en hat ek de romte om dat te dwaan. It is oandwaanlik, robúst en oerweldigjend. Ast yn 'e echte natuer bist, dan fielst dy as minske neatich. Sa fiel ik dat teminsten al. 'Wat stelle wy no úteinlik foar?' tink ik dan en dan ha ik djip respekt foar itjinge dat ik sjoch. Hielendal ast dan wer earne in leech blikje Red Bull fynst dat immen dêr klakkeleas delsmiten hat.

Op Sicilië libbet de befolking ûnder 'mama Etna'. Dat is ien fan de aktyfste fulkanen fan Europa mar se prate der mei sa'n respekt oer! Wy hawwe der op west en ast dan de âlde lavastreamen sjochst dy't bytiden krekt foar in hûs of doarpke ophâlde, dan krijst dêr yndied wol respekt foar. De Etna giet har gong en soarget foar in hiel apart natuergebiet mei waar dat hiel oars wêze kin as op de rest fan it eilân.

Ik bin altyd bliid as ik wer thús bin fan fakânsje, mar ik moat ek wol efkes wenne. Ik fyn ús provinsje prachtich, hear, mar it measte is hjir ferdield troch stekken, sleatten en diken en hast alles is makke en betocht. Wy wenje dan wol mei sukses ûnder de seespegel, mar in soad tunen lizze hjoeddeis fol mei stiennen. Gers, strûken en beammen jouwe tefolle drokte allinnich no kin it reinwetter net mear fuortkomme en fersûpe we dochs hast as it spielt.

In omheind gebiet dêr't bisten oan har lot oerlitten wurde, hjit hjir 'natuer' en wy ha nei 150 jier de ymposante wolf wer op besite dus we moatte ek hast mar hûnen ynsette om de keppel skiep te beweitsjen. Dat rêdst net op mei in Golden Retriever of Chiwawa mar Karpatyske- of Bulgaarske harders binne dêr hiel geskikt foar.

Ik fyn de wolf in moai bist, mar it binne fansels wol rôfdieren en dy ha net genôch oan in patatsje pinda as se honger ha. Dêr komt by dat se beskerme binne, dus meist de wolf neat oandwaan. Ast each yn each komst te stean mei in grutte boaze wolf, dan moatst dus as de bliksem dyn eigen natuer ûnderdrukke en mei er dy opfrette. Soks smyt dan wol wer moaie selfies op én in soad likes.

Wat libje wy dochs yn in moai mearke mei elkoar. Ik bin benijd hoe't it ôfrint."

(advertinsje)