Hielke Nienhuis docht mei oan ien fan de swierste triatlons fan de wrâld

20 jul 2018 - 07:01

Yn it rychje fan de swierste en gefaarlikste triatlons fan de wrâld stiet de ikoanyske Ironman op Hawaii op nûmer ien. Krekt dêrnei komt de Norseman yn Noarwegen. Om krekt te wêzen: 3,86 kilometer swimme, 180,2 km hurdfytse en 42,195 km drave. De ôfstannen fan in gewoane triatlon. Mar neat is 'gewoan' oan de Norseman.

It wetter tusken de fjorden is tusken de acht en tolve graden. Ofhinklik fan de waarsomstannichheden wurdt in Norseman swierder en swierder. Dit jier docht der in Fries mei: Hielke Nienhuis fan Lekkum. It is bysûnder dat je meidwaan meie. By de Norseman is der plak foar maksimaal 250 dielnimmers. Nei jierren fan hoop hâlde op de lotting is it Nienhuis slagge. Hy is ynlotte en kin meidwaan oan wat neffens triatleten sels as 'de meast wrede triatlon fan de wrâld' beskôge wurdt.

"Ik soe liege as ik sis dat ik der net tsjin op sjoch", seit Nienhuis. "Dat momint dat de snút fan de fearboat iepengiet en dat ik tusken al dy manlju it wetter tusken dy fjorden yn spring fan 6, 7 meter hichte. Mar ik haw der ek nocht oan."

Foto: Omrop Fryslân

Yn de striid tsjin de eleminten is der ek noch in oare striid. De striid foar in swart of in wyt t-shirt. Want de earste 160 dielnimmers dy't yn it lêste ûnderdiel, de maraton drave, finishe op hast 2000 meter hichte. Se dogge de marathon by de berch op en by de finish krije sy in swart shirt. Foar de oare dielnimmers wachtet in wyt shirt, Sy drave in krekt wat flakkere rûte, mar dogge ek 'gewoan' in maraton.

Foto: Omrop Fryslân

Hielke Nienhuis docht mei oan de Norseman yn Noarwegen

De lêste Fries dy't meidie is ek de trainer fan Hielke Nienhuis. Jacob Veenstra die yn 2013 en 2014 mei oan de Norseman. Hy einige doe as 12e en as 13e. Veenstra wûn dit jier de Frysman, de triatlon dy't yn Fryslân plak fynt by it Reaklif.

Hy seach hoe't minsken harren sels tjinkomme op de rûte. Alles dat 'moeder natuur' oer dy hinne smite kin, smyt se mei de Norseman oer dy hinne", seit Veenstra.

"Ik tink dat in Norseman net allinnich in fysike, mar ek in geastlike tarieding nedich hat. Al hielendal de berch op, it lêste ein. Dan is der gjin paad mear, dan kinst allinnich mar klimme," fertelt Veenstra.

Foto: Omrop Fryslân

Om't de maraton dy't de dravers de lêste 42,2 kilometer ôflizze moatte sa gefaarlik is, moat der de folsleine rûte in begleieder wêze dy't mei dy mei giet. Foar Hielke is dat syn frou Marja. "Een enorme verantwoordelijkheid", sa seit se sels. "Het maakt het extra spannend, maar ook mooi omdat je het echt samen doet."

Der leit ek in oare taak foar Marja. As de temperatuer fan it wetter sá kâld is dat de atleten harren wetsuite sels net útkrije kinne, dan moat Marja yn aksje komme. "Gelukkig hebben we dat kunnen oefenen."

Neffens trainer Veenstra is Hielke klear foar de Norseman. "Seker de berch op it ein sil dy konfrontearje mei dysels. Ik tink dat Hielke hiel sterk yn 'e kop is. De swierste triatlon folbringe is net eat dat je samar efkes dogge. As je dat kinne, dan binne je echt in baas."

De Norseman waard foar it earst hâlden yn 2003 mei 21 dielnimmers. It parkoersrekôr is yn hannen fan in Noar, Lars Christian Vold. Hy folbrocht de triatlon yn 2017 yn 9 oeren, 51 minuten en 10 sekonden. By de froulju leit it rekôr yn hannen fan Anne Nevin út Noarwegen. Hielke Nienhuis fan Lekkum syn rekôr by in triatlon leit op 11 oeren en 15 minuten en dat helle hy yn Almere.

Boarne: https://nxtri.com

(advertinsje)