Gemeente leit muzykfestival Welcome to The Village stil

20 jul 2018 - 06:22

It ynternasjonale muzykfestival Welcome to The Village yn de Griene Stjer by Ljouwert is tongersdeitenacht stillein troch de gemeente. De lûdsnoarmen fan nei 23.00 oere waarden te boppe gien.

Welcome to The Village - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente Ljouwert seit dat se earst in warskôging ôfjoen hat. Doe't it lûd dêrnei net minder waard is drige mei in twangsom. Omdat de band dy't doe oan it spyljen wie net meiwurkje woe, hat de organisaasje de stekker derút lutsen.

"De noarm foar lûdsoerlêst is op in dei yn de wike oars as yn it wykein", seit Rob Leemhuis, wurdfierder fan de gemeente. "Troch de wike moat it om 23.00 oere stil wêze. Op freeds en sneons is dat 1.00 oere."

Absurd heech bedrach

De organisaasje seit dat se it wol stillizze moasten, omdat de gemeente it festival oars in "absurd heech bedrach" as twangsom oplizze woe. It giet om in bedrach fan 5.000 euro.

Neffens saaklik lieder Bianca Pander is der mei de noarmen sa't dy no hanthavene wurde kwealik te wurkjen: "Se mjitte no hjir by it festivalterrein. Dêr wenje lykwols gjin minsken. Wy freegje de gemeente dan ek om by wenhuzen oan de gevel te mjitten. Dan ha je in goed byld fan de situaasje."

Ek neidat de muzyk tongersdei stillein wie, waard der mear lûd produsearre dan tastien is. "Dat is lûd dat minsken meitsje. Dêr ha je gjin fet op. It jout ek oan hoe lyts de marge is dêr't wy mei wurkje moatte", seit Pander.

Dochs hat de organisaasje al in flater makke, stelt Pander. "We ha te min rekken holden mei de noarm fan de tongersdei, dy't fan 23.00 oere ôf jildt. It is ek de earste kear dat wy al op tongersdei begjinne. Dêr hiene we better rekken mei hâlde moatten."

Welcome to The Village duorret noch oant en mei snein.

(advertinsje)
(advertinsje)