Hûndert supporters wolkom by SC Cambuur tsjin Jong Vitesse

19 jul 2018 - 22:16

Supporters fan Cambuur kinne dochs noch nei in oefenwedstriid fan de klup yn Epe. De gemeente Epe bepaalde earder dizze wike dat der gjin publyk by de wedstriid fan de Ljouwerter klup tsjin De Graafschap wêze mocht. Dizze wedstriid wurdt freedtejûn spile.

Kommende tiisdei spilet Cambuur in oefenwedstriid tsjin Jong Vitesse en hjir binne supporters wol wolkom. De klup meldt dat se nei in soad oerlizzen tastimming krige hawwe om kaarten te ferkeapjen oan maksimaal hûndert supporters. Dizze kaarten komme freedtemoarn om njoggen oere yn de ferkeap.

(advertinsje)