Nij meldpunt om fiskstreuperij oan te pakken

Sportfiskers, of oaren dy't sjogge dat der fisk streupt wurdt, kinne dat tenei trochjaan oan in lanlik meldpunt. It giet om in inisjatyf fan Sportfiskerij Fryslân en oare fisksportorganisaasjes. It meldpunt is neffens dizze organisaasjes nedich, omdat se tinke dat der hieltyd faker streupt wurdt.
Fiskerij © Shutterstock.com
Oant no ta koe der melding dien wurde by de Nederlandse Voedsel en Waren Autoriteit, de NVWA, mar it hie foar dizze organisaasje net de measte prioriteit. De meldingen dy't binnenkomme by it nije meldpunt, wurde trochjûn oan de fiskfederaasje yn de regio. Dy kin dan, eventueel mei help fan de plysje, in opspoaringsamtner ynsette.