Ljouwert yn it spier om binnenstêd grien te hâlden

Meiwurkers fan de gemeente Ljouwert dogge der dizze dagen alles oan om it stedssintrum grien te hâlden. Fanwege de drûchte fan de ôfrûne tiid wurdt der hurd wurke om de meast kwetsbere gebieten fan wetter te foarsjen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De gemeente set ferskate auto's yn mei dêrop tanks mei tûzen liters wetter deryn. Ek wurde der twa jarretanks ynset, dêr't noch folle mear wetter yn kin.
Al twa moanne is Ljouwert dwaande om wetter te jaan oan it iepenbier grien. It probleem is neffens rayonbehearder grien Jan Veltman fan de gemeente noch wol te oersjen, mar it wurdt wol hieltyd grutter. Ek omdat der foar de kommende tiid noch gjin of net folle reinwetter falle sil.