UPDATE: Utslaande brân yn Spar yn Wynjewâld ûnder kontrôle

19 jul 2018 - 18:56

Yn Wynjewâld is tongersdeitejûn brân útbrutsen yn de Spar oan de Merkebuorren. In meiwurker fan de supermerk ûntduts de brân koart foar slutingstiid om 18.40 oere hinne yn it achterste diel fan it gebou. In oere letter waard it sein 'brân master' jûn.

Foto: Wiegmink Media

Jan Willem Zwart fan de brânwacht mei de earste ynformaasje oer Wynjewâld

Meardere ienheden fan de brânwacht waarden oproppen. Yn ferbân mei ûnder oare de krapte oan wetter en de lege wetterdruk waard al gau opskaald nei grutte brân. Der waard ek grut wettertransport fan de brânwacht út Drachten ynset.

Neffens de brânwacht wiene der gjin persoanen mear yn it gebou. Wol is ien persoan kontrolearre omdat dy reek binnenkrigen hie. By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht advisearre minsken yn de buert fan de supermerk om út de reek te bliuwen.

Der is flink wat brân-, reek- en wetterskea ûntstien, meldt de brânwacht. It pân bliuwt behâlden, mar de supermerk kin foarearst net iepen. Der wurdt ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
brân Spar Wynjewâld
(advertinsje)