Burgum 'grutsk' op nije trochgeande grutte dyk

19 jul 2018 - 18:04

It doarp Burgum is 'grutsk' op de fernijde grutte dyk troch it doarp. De dyk waard tongersdei iepene troch deputearre Johannes Kramer en wethâlder Rommert Dijk fan Tytsjerksteradiel. Yn it ferline wie oerstekken bytiden in toer op de H.W.K. Ridder van Huyssen van Kattendijkewei, sa't de dyk offisjeel hjit. Der is no folle minder trochgeand ferkear en Burgum is in stik griener en leefberder wurden. "It is eins mear ien doarp wurden en dêr bin ik grutsk op", seit foarsitter Piet Bruining fan Pleatslik Belang.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ferslachjouwer Onno Falkena wie by de iepening fan de dyk troch Burgum

Neffens de gegevens fan de gemeente Tytsjerksteradiel is de ferkearsstream troch it doarp seker de helte minder wurden sûnt de iepening fan de Sintrale As oan de westkant fan it doarp. "Allinnich wa't yn Burgum wêze moat, komt hjir noch", seit wethâlder Rommert Dijk. "Ma sa út en troch rydt der noch wol in ferdwaalde bûtenlânske frachtweinsjauffeur, dy't de navigaasje noch net oanpast hat, troch it doarp. Blykber hat dat noch wat tiid nedich."

Dielde romte

De fernijde grutte dyk sjocht der gâns oars út. De dyk is smeller mei op guon krúspunten dielde romte (shared space) op it plak fan stopljochten. "Dat moat faaks even wenne, mar ik haw der alle betrouwen yn dat it goed komt", fertelt Dijk. De gemeente hat wiidweidich mei in aparte meipraatgroep fan omwenners oerlein oer de krekte ynrjochting.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Deputearre Johannes Kramer

Middenstânsferiening HIMBO wie wol kritysk oer de werynrjochting, want minder ferkear betsjut al gau ek minder klandyzje. Neffens Bruining fan Pleatslik Belang hat Burgum lykwols in izersterke troef yn hannen yn de foarm fan fergees parkearjen. "Der binne guon dy't út Ljouwert of Drachten hjirhinne komme om te winkeljen. As we no ek soargje foar wat aktiviteiten, dan komt dat hielendal goed."

Mear doarpen

Burgum is ien fan de doarpen dêr't de trochgeande dyk op 'e nij ynrjochte is sûnt de oplevering fan de Sintrale As. Yn Hurdegaryp wurdt noch folop wurke oan it opkreazjen en werynrjochtsjen fan de trochgeande Stasjonswei. Dêr is nei de simmerfakânsje de offisjele iepening. Ek yn Feanwâlden wurdt de trochgeande dyk oanpakt.

(advertinsje)