Minder wetter brûke? Mei dizze fiif tips komst in hiel ein

Krisisoerlis by Rykswettersteat, warskôgingen fan wetterbedriuw Vitens en ynspeksjes fan it Wetterskip: hiel Fryslân hat al wiken te krijen mei de drûchte. Ynstellingen dogge harren bêst om de gefolgen fan de drûchte safolle mooglik te beheinen. Mar ek wy Friezen kinne in stientsje bydrage troch thús of op it wurk minder wetter te brûken. Eltse dei brûke we yn trochsneed sa'n 120 liter wetter. It grutste part fan dat wetter wurdt brûkt foar waskjen, skjinmeitsjen en it trochspielen fan it toilet. Hoesto wat minder wetter ferbrûke kinst? Mei dizze fiif bespartips komst in hiel ein!
Hânnen waskje © Shutterstock.com

1. Hein dyn kâlde dûswetter op

In dûs nimme is mei dit waarme waar fansels al gau ferliedlik. Dochs falt der foar de measten fan ús hiel wat wetter te besparjen. In ienfâldige opsje is om in amer mei te nimmen ûnder de dûs. De earste liters wetter binne faak dochs kâld, dus dit kinst prima opheine yn in amer. Mei dit wetter kinst bygelyks wer de planten wetter jaan of it swimbad folje bûten. Besykje ek net langer as fiif minuten ûnder de dûs te stean. Hjirmei besparrest net allinne wetter, mar ek enerzjy.

2. Set de ôfwaskmasine op 'e ekostân

It ekoprogramma fan dyn ôfwaskautomaat brûkt nammentlik minder wetter. It ferskilt in bytsje fan it model, mar yn trochsneed soe it ûngefear seis liter besparje. Wolst it echt goed dwaan? Waskje dan gewoan op de âlde wize ôf, dat is noch better foar it miljeu. Noch in bykommend foardiel: de bêste petearen wurde fierd by it ôfwaskjen.

3. Brûk drûge shampoo

Miskien net by elkenien bekend, mar tige populêr op campings en festivalterreinen: drûge shampoo. Gjin flesse mei floeiber guod dat yn it hier smard wurdt, om dêrnei mei wetter wer út te spielen. Mar in bus mei poeier dat yn it hier struid of spuite wurdt, om it dêrnei út te boarsteljen. De drûge shampoo moat benammen op de woartels fan it hier oanbrocht wurde, tichteby de hûd fan 'e holle. It poeier nimt yn in pear minuten it fet op dat him stadichoan foarmet yn it hier, en dat fet kin dêrnei mei in kaam of in boarstel út it hier boarstele wurde. In noflike boanus fan it drûch dûsen: dizze shampoos wurde ek gauris brûkt as stylingprodukt.

4. Druk op 'e besparknop fan de wc

Om dyn toilet troch te spielen is in soad wetter nedich. It húske is ferantwurdlik foar goed in tredde part fan it deistige wettergebrûk. De measte wat nijere húskes hawwe twa knopkes boppe it toilet te sitten: ien foar de lytse en ien foar de grutte 'boadskip'. Tink der is wat faker om it lytse knopke te brûken. Dat besparret dy in soad wetter. Wolst it echt goed dwaan, dan kinst in tank oanlizze dy't reinwetter brûkt om it toilet troch te spielen. Mar, dan moat der fansels wol genôch rein falle.

5. Jou dyn planten moarns of jûns wetter

Yn de simmermoannen is it better om dyn planten op 'e betide moarn wetter te jaan, of jûns. Middeis is it op syn waarmst en dat smyt in grut temperatuerferskil op. Ek ferdampt der midden op 'e dei in soad wetter, sûnder dat de planten dêr wat oan hawwe. Betink dy ek goed hokker planten eltse dei wetter nedich hawwe, en hokker bêst in kear in dei sûnder sitte kinne.