Súdwest-Fryslân wol smookfrij wurde

19 jul 2018 - 17:21

Bern yn Súdwest-Fryslân moatte de kâns krije om hielendal smookfrij op te groeien, fynt de gemeente. Súdwest-Fryslân slút him dêrom oan by de Alliantie Rookvrij Nederland en is dêrmei de tsiende gemeente yn Nederlân dy't dy stap set.

Stopje mei smoke - Foto: Shutterstock.com

Wethâlder Mark de Man ûndertekenet takom tiisdei yn Makkum de offisjele oerienkomst. Dat dat yn Makkum gebeurt, is gjin tafal. It is it berteplak fan Lenze Meinsma dy't fan 1953 oant 1978 direkteur west hat fan KWF Kankerbestrijding. Hy fierde yn dy tiid ek al aksje om minsken fan it smoken ôf te krijen.

De ûndertekening is tagelyk mei de iepening fan it Timmerdoarp yn Makkum. Ek dat is net tafallich, want de Timmerdoarpen yn Súdwest-Fryslân binne de earste smookfrije doarpen yn de gemeente. Alden dy't de bern op sa'n timmerdoarp yn Drylts, Snits, Heech, Makkum, Wytmarsum of Molkwar ha, meie dêr net smoke as se de bern bringe of ophelje.

(advertinsje)