Nije webside Omrop Fryslân

04 nov 2011 - 15:50

De nije webside fan Omrop Fryslân giet moandei de loft yn. De webside is modernisearre en slút better oan by de útstrieling fan de Omrop. Der is mear plak foar fideo en live-bylden. Ek kin de site it groeiende tal besikers better oan.

Ferline jier makke de Omrop jild frij om de site oan te passen. Troch it groeiende tal besikers lei de webside der de lêste tiid gauris út of wurke traach. De nije site is hieltyd yn ûntwikkeling om yn te spyljen op trends.

(advertinsje)
(advertinsje)