Fryslân fertsjinnet netto oan it ryk, mar net genôch

19 jul 2018 - 17:07

Friezen krije netto mear jild fan it ryk as dat der oan belesting betelle wurdt. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it COELO, it sintrum foar ûndersyk fan de ekonomy fan legere oerheden. It is dien yn opdracht fan de FNP. Dy partij woe no wolris dúdlik hawwe hoe't it krekt sit mei de jildstreamen fan en nei Fryslân.

Foto: ANP XTRA

Nettsjinsteande it foardiel is de FNP net tefreden. De partij fynt dat der hjir te min ynvestearre wurdt yn wittenskiplik ûndersyk of wittenskiplik ûnderwiis. Dat lêste is logysk, sa seit de ûndersiker fan it COELO, om't hjir gjin universiteit is. It gefolch is, sa seit Sybren Posthumus fan de FNP, dat der in braindrain is. Jonge minsken gean fuort út de provinsje om bygelyks yn de Rânestêd goed betelle wurk te finen.

Te min ynvestearringen

Posthumus fynt dat mei dit ûndersyk dúdlik wurden is dat it ryk fierstente min ynvestearret yn Fryslân. Benammen op it mêd fan ynfrastruktuer en de ekonomy. De wurkleazens is hjir dêrom ek heger, sa konkludearret de FNP. Sprieding yn de ynvestearingen fan it ryk kin der ta liede dat de Rânestêd minder drok wurdt en ek de regio's it finansjeel better krije. De FNP wol de útkomsten brûke foar de ferkiezingskampanje fan Provinsjale Steaten takom jier.

Trefwurden: 
FNP ekonomy jild COELO
(advertinsje)