Wa makket de moaiste foto fan Ferwerderadiel?

19 jul 2018 - 16:55

De gemeente Ferwerderadiel organisearret fan 't hjerst in fotowedstriid. Dat gebeurt, omdat de gemeente nei dit jier ophâldt te bestean. Ferwerderadiel giet dan op yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân.

Burdaard is in doarp yn de gemeente Ferwerderadiel - Foto: mapio.net

De gemeente is no op syk nei de moaiste foto fan Ferwerderadiel, fan in bysûnder plakje, in moai panorama of in plak mei in bysûnder ferhaal.

De winnende foto's sille te sjen wêze op in tentoanstelling yn it gemeentehûs. Wa't meidwaan wol, moat foar 1 oktober in foto ynstjoere.

(advertinsje)