Frouljusfuotbal foar twa jier wis by SC Hearrenfean

19 jul 2018 - 16:23

De ôfspraken tusken stichting frouljusfuotbal Hearrenfean en SC Hearrenfean binne foar twa jier ferlinge. Yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean hawwe de beide partijen tongersdeitemiddei it nije kontrakt ûndertekene.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Foar de froulju is de oerienkomst fan grut belang. Se kinne sa gebrûk meitsje fan de fasiliteiten fan SC Hearrenfean. It giet dan om kennis en kunde op it mêd fan kontrakten en lisinsjes. Ek mei it frouljusteam twa wedstriden spylje yn it Abe Lenstra Stadion. Foarsitter Froukje Hofma wol dat dat yn de takomst faker bart.

Goed begjin

Foar Froukje Hofma fan de froulju is de ûndertekening fan de nije oerienkomst in goed begjin foar fierdere gearwurking nei de takomst ta. Op it stuit giet it goed mei it frouljusteam. Der binne in lytse sechstich spylsters foar de seleksje en twa fulltime trainers.

Bestjoerslid Irene de Goude fan de stichting sjocht it ek as in goede ûntwikkeling fan it frouljusfuotbal yn it algemien. "Die connectie met de topsport is gewoon nodig voor een goed klimaat. De meiden zien dat ook en weten dan dat de sport serieus genomen wordt." Der leit no neffens De Goude in goede basis foar it frouljusfuotbal yn Noard-Nederlân.

KNVB

Om dat fierder te ûntwikkeljen komt der ek stipe fan fuotbalbûn KNVB. Finansjeel giet it stadichoan wat better mei de froulju. Troch it sukses fan it Nederlânsk frouljusalvetal, komt der ek wer mear ynteresse fan sponsoren.

No't it kontrakt tekene is, komme der ek hurde doelstellingen. Irene de Goede is dêryn dúdlik: "strijden om de titel".

(advertinsje)