Selstraf foar feroarsaakjen deadlik ûngelok yn Ljouwert

19 jul 2018 - 16:13

In ynwenner fan Feanwâlden (25) moat trije moanne de sel yn foar it feroarsaakjen fan in deadlik ûngelok. De man ried yn septimber 2016 op de Archipelwei yn Ljouwert in 74-jierrige fytser oan. Dy ferstoar in pear dagen letter yn it UMCG yn Grins oan syn ferwûningen.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Neffens de plysje ried de man tusken de 82 en 84 kilometer yn 'e oere, wylst op de dyk 50 kilometer yn 'e oere tastien is. In pear oeren foar it ûngelok hie er kokaïne brûkt.

By de sitting joech de Feanwâldster oan dat er net yn de gaten hie, dat er sa hurd ried. De plysje konstatearre nei it ûngelok ek dat de snelheidsmeter fan syn auto net wurke. Neffens de plysje hie it ûngelok foarkaam wurde kinnen, as de man him oan de maksimum snelheid hâlden hie.

Tsjin de man wie fiif moanne selstraf easke. De rjochter hat him in legere straf oplein, omdat er in blanko strafblêd hat en troch it ûngelok syn wurk kwytrekke is. Wol hat er in proeftiid fan twa jier krigen en mei er in jier lang net autoride.

(advertinsje)