Filip Bednarek nije keeper fan SC Hearrenfean

19 jul 2018 - 16:06

De Poalske doelman Filip Bednarek komt nei Sportklup Hearrenfean. Hy hat tongersdei syn hanteken set ûnder in kontrakt foar twa jier by de Feansters.

Filip Bednarek - Foto: ANP

De 25-jierrige komt transferfrij oer fan De Graafschap, dêr't syn kontrakt dizze simmer ôfrûn. Earder folge hy de jeugdoplieding fan FC Twente en kaam er yn 2015 nei FC Utrecht. In jier letter makke er de oerstap nei Doetinchem, dêr't er útgroeide ta earste doelman.

Technysk manager Gerry Hamstra: ''Met Filip halen we een absolute winnaar in huis. Hij past bij onze speelstijl en is door zijn jaren bij FC Twente, FC Utrecht en De Graafschap bekend met het Nederlandse voetbal. De laatste twee seizoenen heeft Filip bovendien veel wedstrijden gespeeld en de nodige ervaring opgedaan."

(advertinsje)