Suvelbedriuw Royal A-ware makket 18 miljoen euro winst

Suvelbedriuw Royal A-ware hat ferline jier 18 miljoen euro winst makke. Dat is mear winst as it jier derfoar. It bedriuw helle in omset fan 1,3 miljard euro, in groei fan 15,7 prosint yn fergeliking mei 2016. It suvelbedriuw hat ferline jier 29 miljoen euro ynvestearre.
Foar 2018 sprekt Royal A-ware gjin ferwachtingen út, omdat der folop beweging is op de suvel- en tsiismerk. It bedriuw set dit jier wol yn op fierdere ûntwikkeling, mei de bou fan in mozzarellafabryk op It Hearrenfean.
Royal A-ware is spesjalisearre yn it produsearjen, fersnijen en ferpakken fan tsiis, suvel en rjemme. Der wurkje mei-inoar 2450 minsken by it bedriuw.