Gemeente Waadhoeke hellet byld fan sipel út Deinum

De gemeente Waadhoeke hat it Deinumer keunstwurk 'De Sipel' fan Ids Willemsma tydlik yn in opslach set.
It plak dêr't de sipel stie © Omrop Fryslân
Wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke oer De Sipel
It byld wie yn opdracht fan in omwenner yllegaal fuort helle en wie dêrnei wer werompleatst, mar dat is neffens de gemeente net goed dien. Dy hat it dêrom no foarearst fuort helle. De lokaasje fan it keunstwurk soarget al in skoftke foar ûnrêst en diskusje yn it doarp. De gemeente sil no mei de belutsenen yn petear.

Toer fan Deinum

It keunstwurk ferwiist nei de sipel op de toer fan Deinum. It waard pleatst by it 100-jierrich bestean fan doarpsbelang De Eendracht fan Deinum.