Hylke van der Veen nije kommersjeel direkteur SC Hearrenfean

19 jul 2018 - 14:10

Hylke van der Veen wurdt de nije kommersjeel direkteur fan Sportklup Hearrenfean. Van der Veen set begjin augustus útein mei syn nije baan. Yn gearwurking mei Luuc Eisenga, Gerry Hamstra en Danny Steenstra foarmet Van der Veen in managementteam fan de klup.

Foto: SC Hearrenfean

De ôfrûne seis jier wie Hylke van der Veen algemien direkteur by AB Vakwerk. Luuc Eisenga fan SC Hearrenfean is bliid mei de komst fan de nije kommersjeel direkteur. ''Over twee weken neemt Hylke de taken over. We hebben in hem een ervaren directeur gevonden die de door de club geformuleerde visie duidelijk, krachtig en verbindend uit kan dragen. Het is belangrijk om verbonden te zijn met onze trouwe sponsoren en potentiële partijen.''

Sûnt febrewaris naam Joost Weijters de taken fan de kommersjeel manager waar. ''Joost heeft goed werk verricht, waarvoor we hem erkentelijk zijn'', neffens Eisenga.

(advertinsje)
(advertinsje)