Ferfiersbedriuw Arriva krijt 'Fear yn 'e broek' foar it brûken Frysk

19 jul 2018 - 13:51

Arriva hat dit jier de 'Fear yn 'e broek' krigen fan de Ried fan de Fryske Beweging, foar hoe't de ferfiersmaatskippij omgiet mei it Frysk. De priis fan de Ried is tiisdeitemiddei útrikt op it plein by de Aldehou yn Ljouwert.

Anne Hettinga fan Arriva en Geart Benedictus fan de Ried - Foto: Arriva

Neffens de Ried fertsjinnet Arriva de priis om't der op en yn de bussen in protte Fryske teksten stean en om't yn de treinen en op de stasjons de plaknammen yn it Frysk omroppen wurde. Dêrnjonken fynt de Ried dat de meiwurkers fan Arriva it Frysk goed yn 'e macht hawwe. Hjirtroch leit de drompel foar reizgers om it Frysk te brûken leech.

Arriva is foar de Ried fan de Fryske Beweging in goed foarbyld fan hoe't de sichtberens fan it Frysk yn it deistich libben befoardere wurde kin.

De 'Fear yn 'e broek' wurdt útrikt oan persoanen en ynstellingen dy't har fertsjinstlik meitsje op it mêd fan de Fryske taal. De priis gie earder ûnder oare nei it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, nei Aaipop, nei kommissaris fan de Kening Arno Brok en nei in bakkerij yn Stiens.

Trefwurden: 
Arriva Fear yn 'e broek
(advertinsje)