Wurkgroep moat nij plan meitsje foar park by gemeentehûs Frjentsjer

19 jul 2018 - 13:51

De gemeente Waadhoeke ropt syn ynwenners op om mei te dwaan yn in wurkgroep dy't in nij plan meitsje sil foar it park by it gemeentehûs yn Frjentsjer. Op it besteande ûntwerp is flink wat krityk kaam. In soad minsken meitsje har soargen oer it kappen fan beammen by it Dreeslaantje. Se sizze dat dit in stik Frjentsjerter skiednis is en wolle de boskêftige sfear behâlde.

De takomstige wurkgroep sil him ûnder mear bûge oer de begroeiïng by it Dreeslaantje. Yn de wurkgroep komme tolve minsken dy't mei-inoar in folslein nij plan meitsje sille foar it park by it gemeentehûs. Sy krije begelieding fan ûnder oaren lânskipsarsjitekt Els van der Laan. Minsken dy't meidwaan wolle yn de wurkgroep, kinne har oant en mei 31 augustus oanmelde.

(advertinsje)