Provinsjale miljoenen foar kultureel belied nei LF2018
Foar de fierdere kulturele ûntwikkeling nei Kulturele Haadstêd, lûkt de provinsje takom jier twa miljoen euro út. Dat sil ynset wurde foar kultuertoerisme, in sterker kultureel klimaat, de Fryske taal en meartaligens.
De doelstelling is fêstlein yn de Aginda2028. "Mei de ynbring fan alle belutsenen, lizze wy in fêst fûnemint foar de takomst", seit deputearre Sietske Poepjes. "Sa kinne wy mei-inoar in sukses meitsje fan Aginda2028. In aginda dy 't foarsjocht yn in langjierrige oantreklike programmearring as 'plus' boppe op de besteande en reguliere kulturele aktiviteiten yn de provinsje".
De provinsje en de gemeente Ljouwert hawwe de ôfrûne moannen oerlein oer de plannen. Ek Friezen wurde oproppen om mei te tinken oer de kultuer yn de jierren nei Kulturele Haadstêd. De gemeenteried fan Ljouwert beslút letter dit jier oer de krekte finansjele bydrage fan de gemeente.
Nei 2019 komt de provinsje mei in foarstel foar de mearjierrige finansiering fan Agenda2028.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.