Minder wurk foar leanbedriuwen troch de drûchte

19 jul 2018 - 12:52

Leanbedriuwen hawwe op dit stuit net folle wurk. Troch de drûchte groeit der amper gers en dus hoecht der ek net meand of jarre te wurden.

Leanbedriuw Toering út Aldegea (Smellingerlân) is dizze dagen dwaande mei in alternative opdracht: it bereinen fan greiden. Neffens it leanbedriuw sil it net in soad helpe, omdat der ek wer in soad rein ferdampt, mar de eigener fan de greiden hopet troch it sproeien dochs noch wat groei yn syn gers te krijen. It bereinen kin no noch, mooglik stelt it wetterskip dêr nije wike in ferbod op yn.

Untbrekken fan wurk

Toering klaget op dit stuit noch net oer it ûntbrekken fan wurk, omdat der de earste helte fan dit jier wol in soad opdrachten wiene. Mocht de drûchte noch wol langer oanhâlde dan feroaret dat de saak, ek omdat it dan lang duorje sil foardat de groei fan gers dan wer op gong komt.

Leanbedriuw Toering

Trefwurden: 
drûchte leanbedriuwen
(advertinsje)
(advertinsje)