PvdA is net benaud foar de takomst fan de binnenstêd fan Ljouwert

19 jul 2018 - 12:42

De fraksje fan de PvdA is net benaud foar de takomst fan de binnenstêd fan Ljouwert fanwege de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet. Mar der moat wol goed op past wurde dat beide gebieten inoar oanfolje. Dat seit fraksjelid Hein de Haan dy't it projekt yn portefúlje hat.

De Waag yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

By de stimming oer de takomst fan it WTC gebiet woansdeitejûn yn de gemeenteried, wiisden alle fraksjes op de gefaren fan nije detailhannel by it WTC. En de gefolgen dy't dit eventueel hawwe kinne soe foar de winkels yn de binnenstêd en dy op winkelsintrum De Centrale.

De Haan dielt dy soarch mar as der in goeie detailhannelstruktuerfyzje (plan foar de ferdieling fan de detailhannel) foar de stêd makke wurdt moat it goed komme, seit hy. Neffens him stiet de binnenstêd der fantastysk foar en is der minder leechstân as in pear jier lyn. As it goed regele wurdt sil de binnenstêd profitearje fan de takomstige tastream fan minsken nei it WTC-gebiet.

Trefwurden: 
Ljouwert WTC PvdA binnenstêd
(advertinsje)