Mei in ezel ûnderweis troch Fryslân

19 jul 2018 - 12:06

It is in opfallend duo: teätermakker Tjerk Ridder fan Utrecht en syn ezel Lodewijk. Se rinne op it stuit troch Fryslân, miskien hast se al foarby kommen sjoen. Syn tocht giet fan Utrecht nei Grins, en hy makket op 25 july in tuskenstop yn Sint-Jabik foar it Pylgersfeest en it festival Nacht aan het Wad.

Hy docht in berop op de gastfrijheid fan de minsken dêr't hy delkomt foar in sliepplak en wat te iten. Al dizze ûnderfiningen brûkt hy foar syn nije teäterfoarstelling.

Stedhûs

Sa hat hy dizze wike yn Snits slept by soarchynstelling Philadelpia. Yn in tinte yn it gers mei Lodewijk bûten by him. Hy is tongersdeitemiddei te gast by boargemaster Ferd Crone yn it stedhûs, ek ezel Lodewijk mei nei binnen ta.

Foarpriuwke

Freed lit Tjerk in foarpriuwke fan syn foarstelling sjen op it festival Welcome to the Village.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)