Al 1500 minsken sille meiswimme mei Maarten van der Weijden

19 jul 2018 - 11:52

Goed 1500 minsken hawwe har oant no ta oanmeld om yn augustus mei te dwaan oan de Alvestêdeswimtocht fan olympysk kampioen Maarten van der Weijden. Sa'n fyftich fan har swimme yn alle stêden; de rêst docht op 18, 19 of 20 augustus mei yn ien fan de alve stêden fan Fryslân.

Maarten van der Weijden swimt. - Foto: Casper van Aggelen

Van der Weijden stapt sneontemoarn 18 augustus om likernôch healwei fiven moarns by de Swettehaven yn Ljouwert it wetter yn. Moandeitejûn wurdt er werom ferwachte yn de Prinsetún. Dêr krijt er syn lêste stimpel fan minister-presidint Rutte.

Kankerûndersyk

Mei de swimtocht hellet Van der Weijden jild op foar kankerûndersyk. Minsken dy't meiswimme wolle, kinne har noch opjaan. De swimmers litte har sponsorje om jild op te heljen foar ûndersyk nei kanker.

Maarten van der Weijden tusken Lekkum en Gytsjerk - Foto: 11stedenzwemtocht

Nei ôfrin fan de swimtocht sille lokale en lanlik ferneamde artysten optrede, lykas Wolter Kroes, Syb van der Ploeg en Vangrail. De oankommende wiken sil de organisaasje mear bekende artysten bekend meitsje.

(advertinsje)