Switte yn de hitte fan de kassen yn Bitgum

19 jul 2018 - 11:36

It waarme waar hat op elkenien ynfloed mar foar guon wurknimmers binne dizze tiden ekstra pittich. Yn de kassen bygelyks. Dêr is it gewoanwei al waarm mar mei de temperatueren fan dizze wiken is it noch mear switten. Moarns betiid giet it wol, mar as de sinne der echt goed trochkomt wurdt it dreger.

Foto: simone scheffer

Yn de kassen fan Gardener's Pride wurdt hurd wurke om de tomaten fan de planten te heljen. Dat ferget dizze dagen ekstra enerzjy. Dat komt om't it yn de kas sa'n twa graden waarmer is as bûten. Quirina is fakânsjewurker yn de kas. Se fynt it wol waarm. Benammen nei tolve oere as de sinne op syn heechst is, swit se behoarlik.

Simone praat mei fakânsjewurker Quirina en personielsplanner Bianca Leijstra oer de waarmte yn de kassen.

Personielsplanner Bianca Leijstra sjocht alle dagen hoe't it liket. As it echt te waarm wurdt oerdeis dan kin sjoen wurde nei oare wurktiden. Dan soene de meiwurkers in oere earder begjinne kinne. Dat is hjir yn Fryslân noch net oan 'e oarder. Yn in provinsje as Limburch is it folle hiter. Dêr wurdt wol mei oare roasters wurke.

Foto: simone scheffer

Simone praat mei Tim Schingen oer de tomateplanten en de waarmte.

De tomateplanten sels moatte ek folle hurder wurkje as oars. De planten binne sels de ferkuollers fan de kas. Mar hawwe dêr wol in goeie temperatuer foar nedich. 26 Graden is ideaal mar mei hege bûtentemperatueren rint dat gau heger op. Der binne maatregels naam om it de planten makliker te meitsjen.

De meiwurkers knippe minder blêden fan de tomateplanten ôf. Gewoanwei knippe se dy bot, sadat it rispjen letter makliker giet. Mar no litte se mear blêden op de planten sitte. Dan ferdampe de planten mear wetter en bliuwt it klimaat yn de kas fochtiger. Sa hoege se minder wetter út it bassin te brûken. Yn it bassin fange se reinwetter op. It wetter dat se yn in jier brûke is ûngefear 80% reinwetter, 20% kraanwetter.

Foto: simone scheffer
Trefwurden: 
simmer waarmte hitte kassen
(advertinsje)