Gemeente It Hearrenfean wol yllegale ôffaldump oanpakke

19 jul 2018 - 11:02

De gemeente It Hearrenfean sil it yllegaal dumpe fan ôffal oanpakke. As earste is Nijehaske oan bar. Dêr hawwe bewenners al jierren oerlêst troch yllegale ôffaldump.

Foto: ANP

De konteners ûnder de grûn yn Nijehaske binne bedoeld foar húshâldlik ôffal, âld papier en glês. Mar der wurde alderhande saken delsmiten. Net allinnich pûden mei húshâldlik ôffal, mar ek ôffal dat bedoeld is foar de miljeustrjitte lykas ferve en húshâldlike apparaten.

Hanthavenje is neffens de gemeente dreech, om't it faak nachts en yn it wykein bart. By de konteners yn Nijehaske komt op de lantearnepeal ferljochting mei in bewegingssensor. Fierder wurdt de omjouwing fan de konteners skjinmakke en opknapt. Ek begjint de gemeente in eksperimint mei ekstra hanthavening op ûnregelmjittige tiden. Nei de simmer sil de gemeente ek op oare plakken oan de slach om it dumpen fan ôffal tsjin te gean.

Naast de overlast zoals stank, geeft het ook een onveilig gevoel bij inwoners.

Wethâlder Jaap van Veen

"Dumpen van afval is één van de grote ergernissen van mensen", seit wethâlder Jaap van Veen. "Naast de overlast zoals stank, geeft het ook een onveilig gevoel bij inwoners van de wijk. Het is nu tijd om de oorzaak aan te pakken en het dumpen tegen te gaan." It dumpen fan ôffal is ek min foar it miljeu. It kin yn de boaiem telâne komme of bisten kinne it opfrette. Boppedat wurdt swalkôffal net skieden en is it dêrtroch net geskikt foar recycling.

Trefwurden: 
Hearrenfean ôffaldump
(advertinsje)