Kening Willem-Alexander by premjêre De Stormruiter

19 jul 2018 - 10:04

Kening Willem-Alexander en prinses Beatrix binne op sneontejûn 8 septimber oanwêzich by de premjêre fan de muzyk- en teäterfoarstelling De Stormruiter yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dat is de grutste produksje fan Kulturele Haadstêd.

Foto: Stormruiter

Yn jannewaris joegen de kening en de keninginne it offisjele startskot foar Kulturele Haadstêd. De Stormruiter is in foarstelling oer de striid fan de minske tsjin it wetter. It skript is basearre op de njoggentjinde-iuwske novelle 'Der Schimmelreiter' fan Theodor Storm.

Prinses Beatrix is in grut leafhawwer fan it Fryske hynder, en se hat dan ek meardere kearen al by de jierlikse keuring fan de Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden-Stamboek west.

Fryske hynders

Der dogge hûndert Fryske hynders mei. De gearstalling en rezjy is yn hannen fan Jos Thie.

(advertinsje)