Rjochters: sels fonnis bepale

04 nov 2011 - 15:16

De Ljouwerter rjochtbank sjocht neat yn it wetsfoarstel om minimumstraffen foar kriminelen yn te fieren. Dat sei rjochtbank-presidint Van der Kolk freed by de ynstallaasje fan trije offisieren fan justysje. Rjochters moatte frijheid hâlde om in eigen fonnis te wizen. De minister fan justysje wol feroardiele kriminelen langere selstraf jaan as se binnen tsien jier wer swiere delikten plege. De minister wol dêrom minimumstraffen ynfiere.

Trefwurden: 
rjochtbank
(advertinsje)