Posityf gefolch fan de drûge en waarme tiid: minder tikebiten

19 jul 2018 - 09:44
Bosk - Foto: Shutterstock.com

It tal meldingen oer tikebiten is útsûnderlik leech foar de tiid fan it jier. Neffens it RIVM, it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu en Wageningen University binne der de ôfrûne wiken sa'n twa-tredde minder meldingen binnenkaam as yn deselde perioade yn de ôfrûne jierren. De ôfname hat nei alle gedachten te krijen mei it waarme en drûge waar. Dan binne tiken minder aktyf.

De webside tekenradar.nl hâldt by wêr't yn Fryslân krekt tiken of tikebiten sinjalearre wurde. Fryske meldingen komme bygelyks út de omjouwing fan Oranjewâld, Skylge en natuergebiet De Alde Feanen.

Bliuw alert

Dochs is it neffens it RIVM noch hieltyd ferstannich om alert te wêzen op tikebiten ast yn de natuer west hast. Yn juny en july binne der neffens it RIVM in heal miljoen tikebiten yn Nederlân.

Trefwurden: 
RIVM tikebiten
(advertinsje)